Fryslân tikket Arriva net op 'e fingers, Grinslân wol

Minsken stappe yn de trein rjochting Grins op it stasjon fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Oars as de provinsje Grinslân tikket Fryslân ferfierbedriuw Arriva net op 'e fingers oer it ynsetten fan tafersjochhâldend personiel op ferskate spoarlinen. Beide provinsjes ha de ôfspraak mei Arriva makke om op minstens ien fan de trije ritten in foar de reizgers herkenbere kondukteur of in lid fan in serviceteam oanwêzich te hawwen.
Op basis fan de sifers út 2014 slagget dat yn de measte gefallen net. Allinnich op it trajekt Ljouwert-Harns hellet Arriva de doelstelling krekt mei 33 prosint.
De spoarlinen Ljouwert-Grins (31 prosint) en Ljouwert-Starum (30 prosint) bliuwe efter.
Net mei fûst op tafel
Fryslân slacht lykwols net mei de fûst op tafel rjochting Arriva. De ferfiersmaatskippij hellet de sifers krekt net yn de fakânsjeperioade en dan is it folle minder drok yn de trein.
Yn Grinslân binne der minder kondukteurs yn de treinen. Dêr wol it provinsjebestjoer sa gau as mooglik opheldering ha oer de sifers fan 2015 en 2016. Ek Fryslân is dêr nijsgjirrich nei.