Sjiruch lit stik fan blineterm yn búk fan pasjint achter

© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
In sjirurch fan it Antonius Sikehûs yn Snits is troch de tuchtrjochter terjochtwiisd, foar in flater by in operaasje oan in blineterm. De man operearre yn july in frou mei in ûntstekking oan har blineterm. By it fuortheljen rekke hy in stikje kwyt dat yn de búk fan de pasjint bedarre.
De sjirurch besocht it ûntstutsen weefsel noch werom te finen, mar slagge dêr net yn. Hy makke de wûne ticht en sei nei ôfrin tsjin de famylje dat alles sûnder problemen gongen wie.
Burn-out
Mar dyselde jûn kaam de frou werom op de EHBO, mei in ûntstekking oan har maachflues. By in operaasje waard it stik fan de blineterm dochs noch fûn. De famylje tsjinne in klacht yn by it sikehûs. Dy klacht bedarre by de ynspeksje en dy stapte nei it regionaal tuchtkolleezje.
De tuchtrjochter fynt it hiel slim dat de sjirurch fan it Snitser sikehûs gjin help fan in kollega ynskeakele, doe't hy it stik weefsel kwytrekke. Ek hie hy gjin ferkearde ynformaasje jaan meien oan de famylje. De sjirurch hat ferklearre dat hy lêst hie fan in burn-out. Hy hat him dêr yntusken foar behannelje litten.