Frysk duo yn 'Rondje om met andermans hondje'

It nije lanlike maatjesprojekt 'Rondje om met andermans hondje' hat syn earste duo opsmiten. En dat duo komt út Fryslân. Vincent Veldhoen fan Bakkefean hat tydlik it hûntsje Floris útlitten, mar Floris is net fan him, mar fan Anita. Omdat Anita in nije heup krigen hat en net mear mei Floris rinne koe, hat Vincent dat in skoftke foar har dien. Fia it lanlike maatjesprojekt 'Rondje om met andermans hondje' binne se mei elkoar yn kontakt kommen. It projekt is fan de Stichting Bevordering Huisdierenwelzijn.
"Als vrijwilliger wil ik graag wat doen voor de medemens en zo kon ik Anita helpen," fertelt Vincent Veldhoen. "De eerste ontmoeting was direct heel gezellig. Floris kroop gelijk tegen me aan."