Unike film Joadske brulloft dûkt op by Fries Film Archief

It Fries Film Archief hat unike bylden krigen fan Joadsk Ljouwert út 1939. It giet om de troufilm fan Barend Boers en Mimi Dwinger. De film lit bysûndere bylden sjen fan de synagoge yn de Sacramentsstrjitte en de Joadske houliksliturgy mei opperrabbyn A.S. Levisson en de Joadske mienskip fan flak foar de Twadde Wrâldoarloch.
De film komt fan de bern Yvette Boers út Amsterdam en André Boers út Israel. De film duorret sa'n acht minuten en is fan goede kwaliteit.
Wûnderbaarlik
"It is foar it earst dat we bewegend byld sjogge fan de Joadske mienskip fan foar de oarloch yn Fryslân," fertelt Syds Wiersma fan it Fries Film Archief yn Ljouwert. "We ha wol foto's en ek bylden út de oarloch, mar noch net earder bewegend byld fan foar de oarloch dus. Sok materiaal is eins allegear ferlern gien. It is op in wûnderbaarlike wize boppe wetter kommen en ek op wûnderbaarlike wize bewarre bleaun. It is boppedat ek hiel bysûnder dat der bylden binnen yn de synagoge te sjen binne, mei opperrabyn Levisson. Hy hat fan grutte betsjutting west foar de Joadske mienskip, in man fan enoarme statuer. En dy kinne we no yn aksje sjen." Nei alle gedachten hat it breidspear ryk west, om't se har houlik fêstleinen op film. Wa't de opnamen makke hat, is net dúdlik, mar mooglik wie dat de Joadske fotograaf Dwinger.
Barend Boers en Mimi Dwinger trouden op 18 april 1939 yn Ljouwert. Trije jier letter flechten se út Amsterdam wei fia Lyon, de Pyreneeën en Spanje nei Ingelân. Se waarden oerbrocht nei in Joadsk flechtlingekamp op Jamaika. It wie in barre en libbensgefaarlike flecht út Europa, mei finzenskippen yn Frankryk en Spanje. Ut Jamaika wei waard Barend ynlive by de Prinses Irenebrigade yn Kanada. In pear wiken nei D-Day lâne hy mei de Irenebrigade yn Normandië. Ein 1944 wie er ien fan de befrijers fan Súd-Nederlân. Mimi wurke doe by it ministearje fan Bûtenlânske Saken yn Londen. Se oerlibben de oarloch en krigen trije bern, Yvette (1947), André (1948) en Marion (1952).
Koffer
Nei it ferstjerren fan Mimi yn 2007 dûkte in koffer op mei dokuminten dy't te krijen ha mei de oarloch. Yn de koffer siet ek in 16mm-film, de troufilm dus. De bern komme sa yn de kunde mei de skiednis dêr't har âlden noait oer praten. Se binne dwaande om de dokuminten by ferskate erfgoedorganisaasjes ûnder te bringen.
Oprop
As it breidspear by it stedhûs en letter by de synagoge oankomt, steane in soad minsken te sjen. It Fries Film Archief wol graach witte wa't dizze minsken binne en freget minsken om kontakt op te nimmen as se minsken kenne. Yn Fryslân Hjoed is woansdei omtinken foar de film. Der komt ek in dokumintêre oer de film dy't Omrop Fryslân letter dit jier útstjoere sil.