'De Stijl' stiet jier lang sintraal yn Museum Drachten

It jier 2017 is it jubileumjier fan De Stijl, de keunststreaming út de foarige iuw. Under de flagge 'Mondriaan tot Dutch Design' binne meardere útstallingen yn tal musea te sjen. Yn Museum Drachten stiet dit jier ûnder oare it wurk fan Theo van Doesburg en de bruorren Rinsema sintraal.
It temajier begjint mei de tentoanstelling 'César Domela, De Stijl in kunst en typografie'. César Domela Nieuwenhuis (1900-1992) wie grafikus, fotograaf, typograaf, edelsmid en lid fan De Stijl. Op 29 jannewaris giet de útstalling iepen foar publyk.
Museumwenning
It museum wurket ek oan in museumwenning yn de Papegaaiebuert yn Drachten dêr't de kleurde huzen stean dy't Van Doesburg ûntworpen hat. Dat hûs moat yn juny iepen gean foar publyk.
Utstallingen
Yn Museum Drachten folgje noch trije oare útstallingen dit jier: 'De Stijl in Drachten: Theo van Doesburg, kleur in architectuur' mei wurken fan Theo van Doesburg, Thijs Rinsema en Evert Rinsema, 'De Stijl en expressionisme in de tropen: Sandberg, Rietveld, Chris en Lucila Engels op Curaçao' en as lêste 'De Stijl & constructivisme in Noord-Nederland' mei in oersjoch fan keunstners dy't aktyf wienen yn it Interbellum en Noard-Nederlân en hjoeddeiske keunstners dy't ynspirearre binne troch De Stijl.