Autodieven yn Hurdegaryp oanholden

© ANP
In 29-jierrige man en in 35-jierrige frou út Ljouwert binne tiisdeitejûn yn Hurdegaryp oanhâlden om't se yn in stellen auto rieden. It duo ried oer de Ryksstrjitwei doe't in tsjûge de auto werkende, nettsjinsteande dat der oare kentekenplaten op de auto sieten. De man belle de plysje, dy't de stellen auto opwachte en oan de kant sette. De man en frou moasten foar ûndersyk mei nei it buro, de auto is yn beslach naam. De auto waard freedtejûn stellen by in wenningynbraak oan de Bordinewei yn Ljouwert.