Besikerssintrum Skiermûntseach liket der no te kommen

25 jan 2017 - 08:39
  • 'Artist impression' fan it besikerssintrum op Skier

It sjocht der lang om let dochs nei út dat der op Skiermûntseach oerienstimming bestiet oer de realisaasje fan in nij besikerssintrum. Tiisdeitejûn hat de gemeenteried ynstimd mei de plannen sa as dy der no lizze. De ried wie unanym oer de earste faze: lokaasje, ynvestearringsbydrage en ekploitaasjebydrage. No moat der in gebou oankocht wurde, it bestimmingsplan wizige en oare jildsjitters fûn wurde. It besikerssintrum mei VVV kantoar sil yn de takomst troch Natuurmonuminten eksploitearre wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)