Skûlenboarch krijt foarearst gjin pontsje oer PM-kanaal

Skûlenboarch
Der komt foarearst gjin pontsje oer it Prinses Margrietkanaal as ferfanging fan de brêge Skûlenboarch. Dat hat Rykswettersteat besletten. In binnenfeartskipper fear foarige wike mei syn skip tsjin de brêge oan, wêrtroch de brêge net mear brûkt wurde kin.
De kosten fan in pontsje kin Rykswettersteat net ferhelje op de fersekerder fan de skipper dy't de brêge fernielde. Ek soe it tal minsken dat gebrûk meitsje wolle soe fan it pontsje te lyts wêze. Rykswettersteat ried minsken oan om de brêge by Koatstertille as alternatyf te brûken.
Nije wike komt de oannimmer mei in rapportaazje oer wat der allegear reparearre wurde moat oan de brêge. Op basis dêrfan makket Rykswettersteat in planning.
Troch de skansearre brêge hat Skûlenboarch no te krijen mei in twadieling.