Identiteit fertochte fan sjitpartij Thialf bekend makke

24 jan 2017 - 20:43

Plysje en justysje ha tiisdeitejûn de identiteit fan de fertochte fan de sjitpartij by Thialf bekend makke yn it telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht. It giet om de 56-jierrige Charles Reinier van der Wouden. Njonken de namme fan de fertochte waard ek in foto fan him toand.

Hy wurdt derfan fertocht dat er begjin jannewaris nei ôfrin fan it EK reedriden op Bert Jonker fan yngenieursburo Clafis sketten hat by it iisstadion op It Hearrenfean. Jonker rekke dêrby ferwûne oan syn hân. De twa soenen in saaklik konflikt hân hawwe.

De dieder naaide nei de sjitpartij út en is noch hieltyd net fûn. Mei it bekend meitsjen fan de namme en it toanen fan de foto hopet de plysje mear ynformaasje te krijen oer it ferbliuwplak fan de dieder. Neffens de plysje binne der tiisdeitejûn fjouwer tips oer de fertochte binnenkaam nei oanlieding fan de oprop yn Opsporing Verzocht.

Van der Wouden is net lang, lytser as 1.75 meter, hat in smel stal en hie in burdsje doe't er op Jonker skeat. Hy hat brune plakjes yn syn gesicht en brune, wat hingjende eagen. Hy hie dy jûns nei alle gedachten in lange gielbrune jas oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)