Fuotbalfroulju Oranje winne oefenwedstriid tsjin Ruslân

Blidens by de fuotbalfroulju (argyffoto) © ANP
De Oranjefroulju hawwe tiisdeitemiddei de oefenynterlân tsjin Ruslân wûn. Yn it Spaanske La Manga waard it 4-0. Sisca Folkertsma fan Sleat en Sherida Spitse fan Snits mochten yn de basis begjinne by Nederlân. Oranje wie in stik sterker, mar de bal woe der mar net yn. Krekt foar it skoft foel de 1-0 dan lang om let foar Oranje troch in kopbal fan Vivianne Miedema. Yn de twadde helte waarden Sisca Folkertsma en Sherida Spitse wiksele.
Nederlân skoarde yn dy twadde helte noch twa kear troch doelpunten fan Miedema en ien fan Beerensteyn, sadat de einstân op 4-0 kaam. Ofrûne freed wûn Oranje ek al mei 7-1 fan Roemenië.