UPDATE: Protte fraktueren yn Ljouwert en omkriten

24 jan 2017 - 21:43
  • Suster

Sikehûs MCL yn Ljouwert hat it tiisdei drok hân mei it helpen fan minsken dy't fallen binne troch de glêdens. Tiisdeitejûn om healwei njoggenen hinne hiene har 34 slachtoffers melden by de spoedeaskjende help.

Op de spoedeaskjende help moasten se ekstra personiel ynskeakelje om de drokte oan te kinnen. Benammen minsken mei brutsen polzen, ankels en heupen moasten holpen wurde, mar der wienen ek pasjinten dy't troch har fal in harsenskodding oprûn hienen.

Neffens it haad fan de spoedeaskjende help waarden in soad minsken moarns ferrifele troch de glêdens, ek omdat der yn it foar gjin koade giel ôfjûn wie. De oare sikehuzen yn Fryslân hoegden net in soad ekstra minsken te behanneljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)