Mienskiplike tún Skoatterakker hâldt op

Ympresje fan de nije doarpstún yn Skoatterwâld
De mienskiplike tún yn de wenwyk Skoatterwâld op It Hearrenfean hâldt op te bestean. Oarsaak is in gebrek oan frijwilligers om de tún te ûnderhâlden. De Skoatterakker waard yn 2013 iepene en wie yn earste ynstânsje in sukses.
Learlingen fan de basisskoallen yn de wyk holpen by it ûnderhâld. Mar neffens de organisaasje is it net slagge om genôch frijwilligers te finen om de tún it kommende seizoen goed ûnderhâlde te kinnen.
Guod dat brûkt waard, lykas in picknickbank en in ynsektehotel, binne oan de skouting yn Oranjewâld en it Nordwinkolleezje skonken.