Kollum: "Krikke tsjin krimp"

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.
"It soe samar kinne dat dit de lêste kear is dat jim my op dizze wize hearre. Want om earlik te wêzen hie ik fan ’e moarn al muoite om yn de auto te kommen. Mei in opstapke is it úteinlik slagge, en dêrnei ha ik op in skippybal achter it stjoer sitten. Mar it foel om de soademiter net ta.
De Fryske befolkingskrimp giet hurder as ferwachte en is in nasjonaal probleem, sa kopte de LC foarige wike. En foar my jildt dat dûbeld, want ik wenje ek noch yn it grutste krimpdoarp fan Fryslân. Krimp is it nije groeien, hjir yn it noarden. As it yn dit tempo trochgiet tinkt doarpsbelang deroer om deselde status as Madurodam oan te freegjen. Men moat der it bêste fan meitsje.
Krimp betsjut ‘bevolkingsdaling’. Dat liket nuver omdat de weareldbefolking allinne mar oanwaakst, mar toch is it sa en se ha der ek op oare plakken lêst fan. Lykas okkerdeis yn Denemarken. Dêr kampten se ek al jierren mei in leech bertesifer. De regearing koe dêr net in oplossing foar betinke, mar in reisburo wol. Ut ûndersyk hie nammentlik bliken dien dat Denen op fakânsje mear seks hiene as thús. En ja, fan seks komme berntsjes. Dus starte it reisburo in kampanje mei de slogan ‘Do it for Denmark.’ Se makken in stik of wat grappige reklamefilmkes (tsjek youtube) en beane steltsjes útstapkes nei romantyske steden oan. Mei ovulaasjekoarting… Wa’t dêrnei bewize koe dat se ek echt swanger wurden wie wilens dat útstapke, krige trije jier lang babyguod en in fakânsje fergees. Dy oanpak waard in grut súkses, want in jier letter waarden 1200 poppen mear berne as earder.
No ha wy gjin dúdlik Frysk reisburo, mar miskien kin Merk Fryslân, de marketingorganisaasje fan de provinsje, wat foar de befolking betsjutte troch nije inisjativen te ûntwikkeljen. It giet derom om steltsjes te stimulearjen. Stjoer se bygelyks gratis nei it keramykmuseum, dêr’t noch altyd de tentoanstelling Sexy Ceramics rint. In weareld fol ferlieding, dêr’tst oan de hân fan fatale froulju en geile herders troch alle fazen fan it leafdesspul rinst, fan it earste oanreitsjen oant eksplisite seks. Datselde kin dien wurde troch it oanbieden fan gratis workshops. En dan gjin workshop Kofjedik lêze of inoars Holle Boetsearje, mar dy fan 50 tinten griis of Tantra foar begjinners. Noch in mooglikheid is om se in toernee lâns de saneamde seksparkearplakken meitsje te litten. Dan moatte de goeien der wol útpikt wurde fansels (oars kinne se noch wol ris slim kjel wurde), mar sa leart men Fryslân op in oare en faaks ynspirearjende wize kennen.
Hawar, ideeën binne der om betocht te wurden, dus dat komt wol klear. Der moat allinne noch in slogan komme. Fûgelje foar Fryslân, waard yn de studio al sein. Ha jim bettere slogans, stjoer se dan nei ff@omropfryslan.nl of nei facebook/wippefoaroanwaaks.
Ik sis: jou Fryslân in takomst en krik tsjin de krimp!"