UPDATE: Grutte wenningbrân yn Kollum
Der hat in grutte brân yn Kollum west. It giet om in wenning oan de Voorstraat. De brânwachten fan Kollum, Bûtenpost en Grypstsjerk hawwe der hinne west. Ek waarden de heechwurker fan Dokkum en it grut wettertransport fan Burgum ynset. Krekt foar twa oere fannacht ûntstie de brân.
Om 03.40 oere hinne wie de brân ûnder kontrôle. De brânwacht is noch wol in skoft oan it neiblussen.