"Undernimmers moatte kânsen nije Ofslútdyk pakke"

De bou fan de nije Ofslútdyk dy't dit jier úteinset, biedt grutte kânsen foar ûndernimmers yn de toerisme- en rekreaasjesektor yn Noard-Nederlân. Dêrom moatte se der no oer neitinke hoe't se dy kâns pakke kinne. Dat seit Tsjalling Dijkstra, projektmanager fan De Nieuwe Afsluitdijk (DNA).
DNA is in gearwurkingsferbân fan de provinsjes Fryslân en Noard-Hollân en de gemeenten Súdwest-Fryslân, Harns en Hollands Kroon yn Noard-Hollân. Moandeitemiddei wie yn Makkum de earste fan twa gearkomsten fan DNA.
Doel fan de DNA-gearkomsten is ûndernimmers út de toerisme- en rekreaasjesektor by de aktiviteiten om de Ofslútdyk hinne te belûken. De twadde stiet foar nije wike op it programma yn Wieringerwerf.