Sandor van der Heide nei technyske stêf De Graafschap

Sandor van der Heide giet per direkt oan it wurk by de technyske stêf fan De Graafschap. Henk de Jong is dêr de trainer. De 38-jierrige Van der Heide komt foar in pear dagen yn de wike as freelancer nei Doetinchem oan de ein fan dit seizoen ta. Henk de Jong ken Van der Heide fan syn tiid by Cambuur. Hy sjocht yn him in weardefolle stipe fan de stêf. Van der Heide komt in pear dagen yn de wike as help foar de trainingen en de wedstriden.
Van der Heide hat mear as santjin jier op nivo spile. Tsien seizoenen spile er by Cambuur.
Van der Heide is no haadtrainer by IJsselmeervogels, en hy bliuwt dêr ek oan it wurk. Yn it ferline wie Van der Heide trainer by ONS Snits en SC Cambuur.