UNIS Flyers wint wer fan Laco Eaters yn Geleen

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe snein mei 4-1 wûn fan Laco Easters Limburg út Geleen. De wedstriid wie yn Geleen. De Flyers kamen 1-0 foar troch in goal fan Marco Postma. Dêrnei skeat Adam Bezak de 2-0 binnen foar de Flyers.
Mark Hoekstra soarge noch yn de earste perioade foar de 3-0. Yn de twadde perioade foelen gjin goals. Mar yn de tredde kamen de Flyers opnij troch Bezak op 4-0. Seis minuten foar tiid makke Jord Smit de earetreffer foar Geleen: 1-4.
Woansdei spilen de beide ploegen ek tsjininoar. Doe gong it om de bekerfinale. Yn Eindhoven wûn UNIS Flyers mei 8-1.