Kuorballers LDODK yn spektakelstik foarby Blau Wyt (A) 35-33

Yn in wier doelpuntefestijn hat LDODK de folle winst pakt tsjin Blau Wyt (A). Yn Amsterdam kamen de beide kuorbal league ploegen yn fiiftich minuten ta leafst 68 goals. Uteinlik wûn LDODK mei 35-33. It skoare ferrin wie grillich: yn de earste helte kamen de Gordyksters mei 8-6 voor, mar stienen se 10 minuten letter mei 15-9 achter.
By it skoft wie de efterstân noch 20-17, mar LDODK wie de koelste yn de spannende slotfaze. Nei 33-34 makke André Zwart de ferlossende treffer. Topskoarders wienen Erwin Zwart (9) en Femke Faber (6).
Healweis de kompetysje stiet LDODK foarearst op it twadde plak, achter PKC út Papendrecht. TOP út Sassenheim hat like folle punten as LDODK, mar ferlear earder it ûnderlinge duel en is sadwaande no tredde.