Grutste sinnepark fan Fryslân giet hast yn produksje

Noch in pear dagen, dan giet it grutste sinnepark fan Fryslân los. By Garyp lizze 27.000 sinnepanielen en dy begjinne ein dizze wike mei it opwekken fan enerzjy. Mar earst moat noch in grouwe kabel oansletten wurde. Dy kostet in heal miljoen euro.
It hiele park hat sawat 10 miljoen euro koste en dat moat de kommende jierren weromfertsjinne wurde. Neist it sinnepark wolle de inisjatyfnimmers ek besykje in wynmûne by it doarp te krijen om de djoere kabel optimaal te brûken.