Skiep oer it iis rjochting A7, brânwacht hellet se werom

Trije ûntsnapte skiep binne sneintemiddei yn Drachten weromhelle. De bisten wiene fuortrûn by in keppel dat by de Marconileane net fier fan de sneldyk weide. It trijetal wie oer it iis by de sneldyk telâne kaam en rûn dêr om.
De brânwacht fan Oerterp hat de skiep derwei helle. Dat koste nochal wat muoite. Om werom te kommen moasten se wer oer it iis, en de bisten woene net meiwurkje.