Cambuur is bettere ploech: 2-0 winst op Jong PSV

Cambuur hat sneontejûn yn Eindhoven mei 2-0 wûn fan Jong PSV. Al yn de earste minút makke Sander van de Streek de iepeningsgoal mei in lege skower. Jong PSV begûn stadichoan better te spyljen, mar it wie Cambuurkeeper Zeinstra dy't der mei in pear prima rêdings foar soarge dat Cambuur mei in foarsprong de rêst yn gie.
Nijkommer Tarik Tissoudali makke der yn de 68e minút 2-0 fan foar Cambuur. Hy die dat út in assist fan debutant Farshad Noor. Dy foel yn foar de blessearre Van de Streek. De einstân bleau by 2-0.