Ireen Wüst oan de lieding op NK sprint

Ireen Wüst © awfoto.nl
Ireen Wüst giet nei de earste dei oan de lieding fan it NK sprint yn iisstadion Thialf. Wüst wie fierwei de rapste op de 1000 meter. Se wûn yn 1.15.73. Sanneke de Neeling waard twadde yn 1.16.92, Anice Das tredde yn 1.17.21. Nei de earste dei hat Wüst in lytse foarsprong (0.20) op De Neeling. Anice Das is tredde.
Hein Otterspeer wie mei 1.09.44 de bêste by de manlju. Ronald Mulder waard twadde yn 1.10.01 en Lucas van Alphen tredde yn 1.10.15. Sjoerd de Vries koe syn 1000 meter troch in stikkene klapreed net útride.
Ronald Mulder is de lieder nei de earste dei, foar Jan Smeekens en Hein Otterspeer.