Fryske súksessen op NK fjildriden foar jeugd

Tije jonge Friezen binne sneon nasjonaal kampioen fjildriden wurden op it NK dat yn Appelskea hâlden waard. Finn Hiemstra fan Burgum wûn by de jongens oant 10 jier. Maureen Abma út Wolvegea wie de sterkste by de famkes oant 10 jier en Leonie Bentveld út Burgum wûn by de famkes oant 13 jier.
De start en finish fan it NK wie op it Boerestreekplein yn Appelskea. Yn en by de Bosberg wie in parkoers útset fan sawat 2 kilometer. Der diene 315 jonge fjildriders mei.
Der diene 315 jonge fjildriders mei. De organisaasje hopet dat troch dit NK faker grutte hurdfytswedstriden yn Appelskea komme. It parkoers is mei de hege Bosberg tige geskikt, sa sizze se.