Into the Great Wide Open is binnen in healoere útferkocht

Into The Great Wide Open © Omrop Fryslân, Alle Faber
De kaarten fan it festival Into the Great Wide Open op Flylân wiene sneontemoarn binnen in healoere útferkocht. It festival begjint dit jier op 31 augustus, en duorret oant en mei 3 septimber.
De organisaasje warskôget minsken om allinnich fia de offisjele webside kaartsjes te keapjen. Oare websiden biede djoere nepkaartsjes oan.