Imagoskea foar azc Balk troch rebûlje

It byld en imago fan it azc yn Balk hat skea oprûn troch de rebûlje rûn in groep Noard-Afrikaanske manlju, mar de problemen binne no wol ûnder kontrôle. Dat seit boargemaster Fred Veenstra fan de Fryske Marren. Lykas yn Sint-Anne gie it om in groep kânsleaze asylsikers dy't foar oerlêst soarget. Fan dy groep binne der no noch trije oer wêrby't der oer ien takom wike al in beslút falt. Underwilens hat ien en oar wol gefolgen hân. En dat wylst der mei de oare minsken yn it azc neat oan 'e hân is.