Feanster rydt 40 dêr't 130 mei

Plysjeauto © ANP
In 25-jierrige man fan It Hearrenfean is freed fan de dyk helle troch de plysje yn Drachten. De man ried mei mar 40 kilometer yn 'e oere oer de A7 by Beetstersweach, wylst dêr 130 tastien is. Ek slingere er bot mei syn auto. Doe't de plysje de fertochte besocht oan te hâlden, negearre er it stopteken en ried troch. Yn Drachten koe de fertochte pakt wurde en dêr die bliken dat er swier ûnder ynfloed wie fan drugs. Hy is syn rydbewiis kwyt en sit fêst foar ferhoar.