Man moat finzenis yn foar stellerij

Justysje © ANP XTRA
In 31-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak is freed troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardiele ta in finzenisstraf fan seis moannen, wêrfan trije ûnder betingst. De man hat ferline jier in tal ynbraken dien yn Harns en omkriten. Hy gie te stellen om syn kokaïneferslaving betelje te kinnen. De rjochtbank hat sein dat er him behannelje litte moat yn in ferslavingsklinyk en dat er gjin alkohol en drugs mear brûke mei.