Wedstriid Harkemase Boys - ONS giet net troch
De tredde difyzje wedstriid tusken Harkemase Boys en ONS Snits fan sneontemiddei giet net troch. It fjild is freed ôfkard. De wedstriid soe sneon fan 17.00 oere ôf live te folgjen wêze op Omrop Fryslân Radio, mar dat giet dus net troch. It is noch net dúdlik wannear't de kompetysjewedstriid ynhelle wurdt.