Anker en Anker nominearre foar titel

Advokaat mr. Wim Anker © ANP
Advokatekantoar Anker & Anker út Ljouwert is nominearre as bêste strafrjochtadvokatekantoar fan Nederlân. Dat hat de webside beste-advocaat-van-nederland.nl bekend makke. De list mei nominearren is ta stân kaam mei help fan rjochtbankferslachjouwers en advokaten. Per provinsje is it bêste kantoar nominearre. Kommende moandei wurdt in lanlike top 3 bekend makke.
Njonken it bêste advokatekantoar, is per provinsje ek in top trije fan manlike en froulike strafrjochtadvokaten en in oanstoarmjend talint nominearre.