Lân fan taal siket sprankeljende taalprojekten

© Lân fan Taal
Yn 2018 is it safier, dan is Ljouwert de Kulturele Haadstêd fan Europa. En dat moat natuerlik it hiele jier troch fierd wurde. Ien fan de grutste projekten dy't yn 2018 hâlden wurde is Lân fan taal. It projekt giet oer de needsaak fan en de leafde foar taal. Der wurdt in nijsgjirrich edukaasjeprogramma opset foar taalbrûkers fan alle leeftiden. Meartaligens en ûnderwiis binne dêr de kearn fan.
Om in folslein en wikseljend programma te bieden, siket Lân fan taal noch projekten. Minsken mei in goed inisjatyf kinne hjirfoar subsydzje oanfreegje. Siart Smit is algemien manager fan it projekt Lân fan taal, en wy leinen him de folgjende fiif fragen foar.
Wat is it doel fan it projekt?
''Wy wolle de rykdom fan taal fiere. Wy wolle sjen litte dat de wrâld meartalich is en dat der foar eltse memmetaal in plak wêze moat. Yn dit projekt wolle wy de Fryske taal ynsette. Taal is persoanlik en elkenien kin op in eigen wize meidwaan oan Lân fan taal.''
Kin elkenien samar meidwaan oan Lân fan taal?
''Lân fan taal wurdt organisearre troch organisaasjes yn Fryslân dy’t har mei taal dwaande hâlde, mar it is iepen foar elkenien. Besikers kinne har taal fiere en bydrage oan it projekt. Der is in regeling wêrby’t lytse inisjativen yn oanmerking komme foar in bydrage.''
Minsken kinne foar har projekt subsydzje oanfreegje. Hoe giet dat krekt?
''Foar it útfieren fan in kulturele produksje op it gebiet fan meartaligens kin subsydzje oanfrege wurde. De regeling giet iepen fan 31 jannewaris oant en mei 28 febrewaris 2017. Der sille dit jier yn totaal trije tenders iepensteld wurde. Foar lytse kulturele produksjes is de hichte fan de subsydzje 500 euro. Foar grutte kulturele produksjes is de hichte fan de subsydzje maksimaal 5.000 euro. In projekt oanfreegje kin fia de webside fan de provinsje Fryslân.''
Wat sille de ynwenners fan Fryslân fernimme fan it projekt?
''By it Aldehoustertsjerkehôf en de Prinsetún wurdt yn 2018 in soarte fan lytse steat oprjochte foar alle talen yn ‘e wrâld. Der wurdt in spesjaal gebou delset, in Taalexpo. Der binne alle dagen wol aktiviteiten. Der binne optredens fan dichters, skriuwers en taalkeunstners. Der is ek in taalgame, mobile applikaasjes en in webside oer de taalbelibbing fan Friezen om utens.''
Wêrom is it sa wichtich dat minsken yn ‘e kunde komme mei taal?
''Wy as minsken kommunisearje mei taal. By alles wat we dogge, brûke we taal. En dat docht elkenien op eigen wize. Dat is bysûnder en dêr wolle wy fan alles oer fertelle. Wy wolle de rykdom fan meartalichheid, mei it Frysk yn it bysûnder sjen litte en fiere.''
Mear ynformaasje is te finen op de webside fan it projekt Lân fan taal yn it ramt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Omrop Fryslân is ien fan de partners fan it projekt Lân fan taal.