Eigener Van der Horst bot oandien nei brân yn autobedriuw

"De mage draait my aardich om", sa seit eigener Geert van der Horst fan de Ford Garaazje yn Ljouwert. De ravaazje is grut by de Forddealer. Dêr bruts woansdeitemoarn betiid in grutte brân út. Der binne in soad auto's skansearre en de showroom is útbrând. "Jierren stapst hjir om en dan stiest no tusken de karkassen fan de bestelweinen. Dat docht wol wat mei dy."
Brân
De showroom fan Forddealer Van der Horst yn Ljouwert is foar in grut part ferlern gong. Troch in brân op de boppeste ferdjipping binne der in soad auto's skansearre. De brânwacht hat der wol foar soargje kinnen dat it wurkplak fan it autobedriuw rêden is. Der binne gjin skealike stoffen frijkaam, sa docht bliken út mjittings dy't dien binne.
Moandei wer iepen
De garaazje hopet dat de wurkpleats moandei wer iepen kin. Se hawwe de ôfspraken foar nije wike yn elts gefal net ôfsein. "We moatte troch", seit Geert van der Horst. Wannear't it autobedriuw wer troch kin mei de ferkeap is noch net dúdlik.