Noardlik listlûkersdebat dochs organisearre troch omroppen

Noardlik listlûkersdebat 2012
De Noardlike oerheden en de regionale omroppen hawwe besluten dat it lanlike listlûkersdebat dochs trochgiet. Earder dizze wike lutsen Omrop Fryslân, RTV Noord en RTV Drenthe harren meiwurking oan it debat yn. De omroppen fûnen dat de polityk in te grutte stim hie yn it bepalen fan de gasten en de ûnderwerpen. Sa wie de partij 50Plus net útnûge, en dat wie tsjin it sin fan de omroppen. Troch net mei te dwaan wie de opset fan it programma yn striid mei de mediawet. De provinsjes sille har ynhâldlik no net mear mei it debat bemuoie.
It debat wurdt op 8 febrewaris yn Grins hâlden.