"De soarch is weardeleas. Mar as je wat krije, dan hjir mar"

Nederlanners binne reedlik tefreden oer de soarch, sa die fan 'e wike bliken út ûndersyk. Mar de ferskillen binne wol grut. Guon minsken wienen hiel ûntefreden oer de soarch, wylst oaren krekt hiel posityf sprutsen oer de kwaliteit fan de soarch. Op de Ljouwerter freedsmerk kaam dat byld ek werom. Der kamen in soad krityske kwalifikaasjes nei foaren lykas: "superslecht", "weardeleas", "it liket nergens op", "prut" en "de tiid fan it sikefûns wie folle better''.
Dochs wienen ek in soad minsken wol tefreden oer de soarch yn Nederlân. Reaksjes as: "prima, wy hawwe hjir alles", "wy moatte net seure", "wy binne bedoarn en wolle as keningen behannele wurde". By eintsjebeslút wie de konklúzje dat ''as je wat krije, dit lân miskien dochs noch wol it bêste plak is..."