Kollum: "Wek"

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tydskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûnderet. Se is te folgjen op twitter.
"It hie net safolle skeeld, of de Alvestêdetocht fan 1997 hie ús heit de kop koste. As er nachtblyn west hie, dan wie it net bêst west. Gelokkich kinne we er no wat om laitsje.
It sit sa. Yn 1997 hie ús heit in startkaart en de kâns waard hyltiid grutter dat er no dochs echt in tocht komme soe. No wie ús heit yn dy tiid it type 'krekt wat te dikke manager' en der sieten net sa'n protte kilometers yn syn tinne skonkjes. Miskien wol net ien. Dus moast er as de soademiter proefride.
Sels hie ik in koarte karriêre by de Kluners yn Thialf hân, - myn hamsters hieten Falko en Rintje - dus ik gong mei om in stik fan de tocht te riden. We ploften del by Bartlehiem om ús izers ûnder te binen. Us mem hie ús skuon yn de auto en soe ús oppikke yn Harns.
We dienen de tocht oarsom. Ik tink omdat we de wyn lekker yn de rêch ha woenen. Ik wie santjin. Ik hong moai by ús heit efter de kont, licht bûgjend troch de knibbels want dat hie ik yn Thialf leard, en we hiene de moffen netsjes op de rêch yn elkoar teard. En ride mar.
De rit wie magysk. Dat swarte hurde iis. It wiuwende reid. De stilte ûnderbrutsen troch it tsssssjk tssssssssssjk fan de redens op it iis. De brechjes. De wite froast dy't de eagen opljochtet. Dat riden oer sleatten en fearten docht wat mei je. Fryslân is gewoan prachtichmoai fan it iis ôf.
Omdat ik yn ús heit syn slach siet, en net foar my út seach, mar op ús heit fertroude, kaam ik sels ek net geef út de tocht. Ik botste ergens by Frjentsjer tsjin in brêge op. De klap sil net al te hurd west ha, want ús heit hie neat yn de gaten en ik sprinte hurd wer nei him ta. By Harns stapte ik ôf. Us heit net. Dy moast en soe nei Boalsert ta, ek al wurde it wat skimerich. Dus hy fierder op syn noaren mei syn brike slach.
Dêr stienen we mar te wachtsjen en te wachtsen by de brêge yn Boalsert. Gjin heit. Yntusken wie it tsjuster en it wetter wie ien swart gat. Er kaam gjin kop it hoekje mear om. De feechwein hie ek al west. Wy begûnen ús soargen te meitsjen. Hy soe dochs net...
No, hast al. Wat wy net wisten wie dat ús heit hast by Boalsert wie. Hielendal allinnich. Mar hy koe de rûte net mear goed sjen en wie eins ek dwerstroch. Hy soe in bocht om mar seach krekt op tiid dat it ôfsetten wie. It wetter stie op it iis. Hy koe noch krekt ôfremje. In stik of wat meters fierderop swommen eintsjes yn it wetter.
Dan mar nei de wâl. Hy klautere de wâl op by it yndustryterrein en stie te triljen op syn fuotten. Hy wist ek wol dat er stienkâld oant syn bonken en deawurch der noait mear útkaam wie. Op sokken rûn er nei it sintrum.
Yn de Groene Weide wie it smoardrok. Hy bestelde in kopke snert en in Bearenburchje.
Wy stienen yntusken noch dea-ûngerust te wachtsjen en te wachtsjen. We hienen noch gjin mobile telefoans. Nei in skoftsje kaam ús mem op it geweldige idee dat er wol ris yn it kafee sitte kinne koe.
Dêr siet ús heit op sokken. Gelokkich mar."