Museum Hearrenfean slút de doarren

Museum Hearrenfean hâldt op as museum. Se moatte it tenei mei 65.000 euro minder dwaan. Dat stiet yn it nije kultuerbelied fan de gemeente Hearrenfean. En dêrmei is it net langer helber om it museum iepen te hâlden, fynt direkteur Linda Trip.
It eardere museum Willem van Haren krijt no jierliks 165.000 euro fan de gemeente om de kultuerhistoarje fan Hearrenfean sjen te litten, mar dat hege bedrach is dus ferline tiid. Boargemaster en wethâlders wolle dat der in grutter publyk berikt wurdt troch it ferhaal fan Hearrenfean op in wize te fertellen dy't better by dizze tiid past.
''Onaangename verrassing''
Direkteur Linda Trip fan Museum Hearrenfean fynt it skande dat der no nei 75 jier in ein komt oan it museum. ''Het was een onaangename verrassing'', sa seit se. ''We hadden dit absoluut niet verwacht.''
Finansjeel dreech
It is foar de deistige eksploitaasje fan it museum hast net mooglik it sûnder finansjele stipe fan de gemeente te dwaan. ''We gaan wel in gesprek of er een andere vorm mogelijk is'', sa seit Trip. ''Maar dat is voor een cultuurhistorisch museum heel lastig. Sponsoren of fondsen kunnen vaak wel exposities financiëren, maar voor de dagelijkse exploitatie is dat erg lastig.''