Trekker mei jarretank op 'e kop yn de sleat

© De Vries Media
In trekker mei jarretank is tongersdeitemiddei op 'e kop yn de sleat bedarre njonken de Trekkerswei by Dolsterhuzen. De kombinaasje rekke mooglik by it passearjen fan in parkearre auto fan de dyk. It is noch net bekend oft de bestjoerder ferwûne rekke is troch it ûngelok. Twa hyskranen moasten de trekkerkombinaasje wer op de wei hysje.
De dyk hat in skoftke ôfsletten west foar ferkear.