Twilling noch hieltyd fêst nei oerfal De Pein

© ANP
De twa manlju dy't yn oktober ferline jier in frou oerfoelen yn har hûs yn De Pein, is in twilling fan tweintich jier âld. Se stienen tongersdei foar de rjochter. De twa woenen jild fan de frou hawwe, mar naaiden út nei in fjochtpartij, dêr't de frou by ferwûne rekke. Ien fan de twa fertochten koe gau pakt wurde, de oare de oare deis.
De fertochten sitte noch hieltyd fêst. Har advokaten fregen de rjochtbank om har frij te litten, oant se yn april wer foarkomme moatte. De rjochter hat dat ôfwiisd.