Pimpte kringloopwinkels fan Omrin lûke hieltyd mear minsken

Hoe moaier de winkel, hoe mear minsken der komme. Neffens Omrin Estafette is dat de foarnaamste reden fan groei by Fryske kringloopwinkels. De brânzje wurdt hieltyd profesjoneler. Sûnt 2015 hat Omrin Estafette in nij konsept betocht om it stoffige imago fan kringloopwinkels op te poetsen. De winkel yn Easterwâlde is dêr it resultaat fan. De winkel is rommer opset en in ûnderdiel fan it nije plan binne de ynrjochte húskeammerkes. Marianne Couperus fan Omrin neamt it ek wol it Ikea-konsept.
Kringloopwinkel as sosjaal moetingsplak
"Op dizze manier sjogge minsken hoe't it guod moai by elkoar past en dat ferkeapet better", seit Marianne Couperus. En neffens har is de kringloopwinkel noch folle mear. "We ha in kofjekorner en dêrtroch is de winkel ek in sosjaal moetingsplak. De slogan is: 'bij Estafette vind je altijd wat', dus of dat no in kastje is of in frijwilligersplak of ien kear yn 'e wike in kopje kofje mei de buorfrou drinke, dan moat dat kinne. Dat is dus it totaalkonsept wat we úteinsette."
Pimpe
Troch it nije konsept fan de winkels sa as yn Easterwâlde groeit de omset en kinne se mear frijwilligers oan it wurk sette. Dêrnjonken komt der better guod beskikber foar de winkels as yn de tiid fan de krisis. De winkels fan Estafette yn Harns, Frjentsjer, Sint-Anne en Easterwâlde binne al opknapt. De oare trije winkels wurde dit jier ek oanpakt, sa is it plan.