Tal WW-útkearingen yn Fryslân giet omleech

UWV © ANP
It tal WW-útkearingen yn Fryslân lei oan de ein fan 2016 sa'n 10 prosint leger as it jier dêrfoar. Ek de stiging fan de WW yn de desimbermoanne, bygelyks troch it stilfallen fan it seizoenwurk yn de lânbou en de hoareka, is minder grut as yn oare jierren. Dêrút docht bliken dat it better giet mei de arbeidsmerk. Yn Fryslân hiene yn desimber 18.186 minsken in WW-útkearing. Dat is 5,5 prosint fan de beropsbefolking.
Dat it ekonomysk better giet, docht benammen bliken út de daling fan it tal WW-útkearingen yn it ôfrûne jier. Yn hast alle sektoaren en beropsgroepen wiene der yn desimber 2016 minder WW-útkearingen as yn it jier dêrfoar. Benammen útstjoerkrêften en boufakkers kamen minder faak yn de WW telâne. Mar ek yn sektoaren as de soarch en de detailhannel wie it tal WW-útkearingen leger as gewoan.
Yn Fryslân is de ôfname fan it tal WW-útkearingen op jierbasis sterker as yn Grinslân en Drinte.