Follybalsters Snits winne yn eigen hûs fan Amsterdam

VC Snits (hjir op argyffoto) © Martin de Jong
De follybalsters fan VC Snits hawwe woansdeitejûn de earste heale finalewedstriid om de beker yn eigen hûs wûn. It waard 3-1 yn sets tsjin US Amsterdam. Yn de earste set wie Snits fierstente sterk foar Amsterdam. Se namen rap de lieding en sluten de set ôf mei 25-18. De twadde set ferrûn tige wikselfallich. Snits naam in foarsprong en de set like binnen te wêzen, mar troch sleau spul kaam Amsterdam werom en pakten de set sels mei 25-23.
Snits stelde oarder op saken yn de spannende tredde set, ûnder oaren troch sterke opslaggen fan Van Wijnen. De set waard wûn yn 25-21. De foarsprong waard net mear út hannen jûn yn set fjouwer, dy't oertsjûgjend wûn waard yn 25-16.
Nije wike tongersdei spylje beide ploegen de returnwedstriid yn Amsterdam.