UPDATE: Treinen Snits-Starum ride wer nei oanriding
Reizgers tusken Snits en Starum moasten woansdeitejûn rekken hâlde mei in langere reistiid. Troch in oanriding by Warkum wie der gjin treinferkear mooglik tusken Snits en Starum. Ferfierbedriuw Arriva sette bussen yn. Om njoggen oere hinne wie de steuring oplost.
Fanwegen it ûngelok wie de N359 tusken Warkum en Koudum in skoft ôfsletten foar ferkear.