FIDEO: Ultrarunners wolle by de Fryske alve stêden del

In Ultrarun by de Fryske alve stêden del? Dat is it doel fan ultrarunners Silvio Teunissen en Klaas van Heeringen. Sy wolle yn 2018 in Alvestêde-ultrarun hâlde. Maksimaal 75 dielnimmers sille dan yn ien ruk by de alve Fryske stêden del. De ultrarun is foar de echte betûfte rinners dy't minstens in tal maratons draafd hawwe. De organisaasje begjint hieltyd mear foarm te krijen.