Jillert Anema: "Ophâlde mei dat geouwehoer"

"Sosjale media is in klankboerd foar pessimistyske dwerslizzende anty-minsken. Dat folk stimt tsjin yts en net foar yts." Dêrmei reagearret Jillert Anema woansdei op de krityk dy't fia sosjale media klonk oer oft de baan yn Noordlaren wol as natueriis sjoen wurde moat. Dat iis is ûntstien nei't laachje foar laachje wetter op de skeelerbaan spuite wie mei in jarretank.
Geouwehoer
"It giet de minsken gewoan te goed, dan sjogge se nei wat se misse. It is in waardeloaze maatskippij. Minsken dy't mear as fyftich tweets yn it jier ferstjoere moatte se it stimrjocht ûntnimme. Lit se ophâlde mei it geouwehoer. It wie gewoan in moaie wedstriid mei in soad folk" seit de coach fan winner Simon Schouten.
Lekker ride
Anema sjocht tefreden werom op de maraton. "We hiene twa man yn de kopgroep, dat is moai. It wienen drege iisomstannichheden. Der kaam net echt gong yn." As der tongersdei in wedstriid op natueriis yn Haaksbergen is, sil de ploech fan Anema dêr ek oan meidwaan. "Ja, lekker ride. Dit natueriis pakke we moai mei, dan bliuwe we net thús."
Haaksbergen
Oan de ein fan de middei waard woansdei dúdlik dat der tongersdei net riden wurdt yn Haaksbergen. Dat hat de KNSB besletten fanwege teiwaar en brokken iis litte los fan de boaiem.