Kollum: 'Sûkerbôle'

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op telefyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.
"Fansels moasten de regionale CDA-jonkjes en famkes yn it wykein fan it CDA kongres besykje om de sneons yn de regionale krante te kommen. Mar at je lykas deputearre Sander de Rouwe dan mei krityk op de sûkerbôle komme, dat brekke je sawat alle klompen dy’t hjir ek noch makke wurde. It is dyselde De Rouwe dy’t earst it Fryske MKB- fermidden sa rynsk priizget oer harren fernijing en eksport. Dat moast hy doe wol sizze, want hy die de subsydzjes dêrfoar omleech. Mar no ferklearret hy ynienen dat de bedriuwen hjir neat wurdich binne, om't se te min fernije en eksportearje. It MKB yn Fryslân, Sander, soarget hjir foar in ekonomy mei wurk. Wy wurkje yn trochsneed by bedriuwkes fan fiif of seis man/frou. Wat ôfstimd is op ús doarpsstruktuer. At we dêrmei genôch wurk hawwe, wêrom soene wy dan ekstreem fernije. At we sûkerbôle frette kinne, wêrom soene wy dan begjinne mei krintebôle te bakken. At wy de ûne sa no en dan mar wer fernije. Wy hawwe der hielendal gjin belang by dat Fryslân ôfmjitten wurdt oan de knoarre guod dy’t de grins oergiet, wat op himsels ek noch bêst in soad is. Mar leaver tweintich sûkerbôlen nei Maastricht as twa kloskes fiterjen fan appelklokhuzen nei Leer, want dan fertsjinje wy yn alle gefallen wat. It byld fan de provinsje yn de eagen fan Sander dêr fertsjinje wy neat oan.
“Lef tonen”, ropt De Rouwe. "Zoals wíj doen met Tesla”. Se hawwe nammentlik as trije noardlike provinsjes besluten dat se in grut bedriuw fan elektryske auto’s hjir hinne helje sille. Dat dogge se op de Trump/Wilders-wize: de Amerikaanske direksje fan dy fabryk bestoke mei alderhande twitterkes. Sa fan “kom hjir hinne, wy hawwe grûn en wurkers”. Net mear as wat gerop. Mar “we hebben succes”, rôp Sander, doe’t in hiele soad twitters ferstjoerd wiene. Dat is blykber dat lef. In skriemeriger metoade om josels op in lege kaart te setten haw ik noch nea meimakke. Fansels komt dy Tesla hjir net, de hiele wrâld wol it wol hawwe. Boppedat, at it hjir komt komt, dan komt it hjír net, mar by de Eemshaven. Wat hawwe wy der dan mei? No ja, Sander hat ek in twitterke ferstjoerd.
Fryslân is fan de Grinzers wurden, wy sitte no ek yn it noarden. En dat hat in grutte ekonomyske takomst at we griene wetterstof produsearje. Mar ja, dan moatte wy earst eins 57 miljard hawwe. En ierdgas, want dêr meitsje je wetterstof fan. Dat moatte wy dan mar út Ruslân helje, oars donderje der yn Grins noch folle mear hûzen yn elkoar. En wetterstof wurdt hjir net brûkt, inkeld yn Rotterdam. Fernijing en eksport, dêr hawwe jo bêst wat oan, mar it produkt dat je meitsje wolle moat te meitsjen wêze foar sa’n priis dat it ek kocht wurdt. Sels de elektryske auto rint net sa hurd as at se tochten. Wetsus docht syn uterste bêst, it fernijt om it leven en betinkt de produkten dy’t aanst ree binne om te eksportearjen, mar ik bin benaud dat healwei de rit de subsydzjestekker dêr wer útgiet, wy krije ommers ek in nij regear.
In ekonomy wurdt net bepaald troch it plak dêr't je op listjes steane. Jo ekonomy wurdt bepaald at de minsken dy’t hjir wenje foldwaande fertsjinje om troch de tiid te kommen. Stel at hjir hûndert ûndernimmers komme dy’t fertsjinje oan fernijing en eksport. Wat hawwe wy as provinsje oan hûndert rike ûndernimmers. Dy betelje KH 2018 net iens.
Eins hoege wy gjin eigen ekonomy, wy libje yn Nederlân. En at der dan al provinsjegrinzen binne, ok, mar ús eigen ekonomy bestiet dan ek noch út toerisme en rekreaasje. Dêryn rinne wy yn dy ferdomde listjes wer foarop. En moat we dêr dan yn fernije, want eksportearje is dreech. Ja, der moat op’e tiid in nij kacheltsje yn de stakaravan, mar wy binne tûk genôch om dat leverje te kinnen. En at de stakaravan in hûske wurde moat, komt dat ek wol klear. At we dan ek noch ris gastfrij wurde, dan komme de bûtenlanners hjir wol hinne. Ymport smyt ek in soad op.
No hear ik jimme freegjen: net gastfrij? Nee, no net mear, Sander hat alle sûkerbôlen ommers fuortdondere."