FIDEO: Soarchgroep Liante klear foar besite steatssekretaris

© Omrop Fryslân
Steatssekretaris Martin van Rijn fan Volksgezondheid, Welzijn en Sport giet woansdei op besite by soarchgroep Liante yn Appelskea. Dat docht er yn it ramt fan it projekt Waardigheid en Trots. Van Rijn fynt dat de soarch de ôfrûne tiid min yn it nijs wie en wol mei it projekt sjen litte dat soarchmeiwurkers grutsk op harsels wêze meie. Twa dagen lang giet de steatssekretaris by tsien soarchynstellingen del. Liante is de iennichste Fryske dielnimmer dêr't hy op besite komt. Dit om't Liante op in oare wize wurket.