Entûsjaste reaksjes op Alvestêde-ultrarun yn 2018

De reaksjes op it inisjatyf fan de ultrarinners Silvio Teunissen en Klaas van Heeringen om in Alvestêde-ultrarun te hâlden yn 2018 binne entûsjast. De run wurdt op 19 maaie hâlden. Maksimaal 75 dielnimmers sille dan yn ien ruk de alve Fryske stêden hurddravend by del.
De ultrarin is foar de echt betûfte rinners dy't minstens in tal maratons draafd hawwe. De organisaasje begjint hieltyd mear foarm te krijen. Der wurde noch wol sponsors socht. Ynkoarten wurde de limiten fêststeld, dêr't de ultrarinners oan foldwaan moatte.