De Hûnekop nimt nei oktober tydlik ôfskied

Wa't noch nei in konsert fan de band De Hûnekop wol, moat derby wêze, want de groep hâldt der nei oktober earst in skoft mei op. It is gjin definityf ôfskied, mar it is ek net bekend wannear't se weromkomme op it poadium.
De band begûn acht jier lyn as grap, mar de grap waard sa'n sukses dat it foar sjonger Emiel Stoffers yn 2011 syn wurk waard. De sjonger wol no earst op reis mei de camper troch Europa en dêrom moat De Hûnekop even in stapke werom dwaan.
Oant dy tiid wol de band Fryslân noch plat spylje, wurde der teäterfoarstellingen dien en as lêste wurdt yn oktober in Hûnekopfestival jûn.
Flauwekul
"Minsken dramatisearje it ferhaal wol wat. Der waard al oer praat dat we ophâlde soenen, en der waarden oare ferhalen fan makke, dat dêrom ha ik dit sels mar nei bûten brocht", fertelt Emiel Stoffers. "It is sa dat we nei oktober net te boeken binne. It is gjin trúkje om it publyk út te melken. De druk moat even fan de tsjettel. Ik wol tiid foar mysels en ferdwyn even hielendal fan de radar. It wie acht jier lang De Hûnekop, en dat is moai dy flauwekul. It giet net inkeld om optredens, mar De Hûnekop is der ek alle moarns as ik wekker wurd. Dat is hartstikke leuk, mar it moat ek moai bliuwe. Dus it is gjin ôfskied. It begjint nei in skoft echt wol wer te jokjen. Ik kin my net yntinke dat we net mei elkoar spylje sille." Emiel sil yn oktober op reis mei syn frou en de beide hûnen.