Earste natueriismaraton live op Omrop Fryslân te sjen

© RTV Noord, Stephanie Nijssen
Omrop Fryslân stjoert woansdei de earste maraton op natueriis live út op telefyzje. Noordlaren hat dit jier de primeur. Earder like it der noch op dat de earste maraton fan dit jier yn Haaksbergen of Arnhem ferriden wurde soe, mar dêr wie it iis net sterk genôch. It iis yn Noordlaren is tiisdeitemoarn troch koördinator Willem Hut fan de KNSB goedkard. Neffens Hut wie it iis op in pear plakken yn Noordlaren noch krekt net dik genôch, mar hy giet der fanút dat dit noch goedkomt, mei de nachtfroast op komst.
Toppers
It is de fyfde kear dat Noordlaren de primeur fan de earste maraton op natueriis hat. De froulju starte om 10.00 oere en de manlju om 11.00 oere. Beide wedstriden binne live op Omrop Fryslân te folgjen op telefyzje, radio en ynternet. De top fan it maratonriden komt oan de start. Dan ha we it oer Arjan Stroetinga, Bob de Vries, Jorrit Bergsma, Gary Hekman, Crispijn Ariëns en Jouke Hoogeveen. By de froulju sille û.o. Elma de Vries, Corina Strikwerda en Aggie Walsma de striid oangean.