Tekoart oan spinaazje by de grienteboer

Der is in tekoart oan spinaazje by de grienteboeren. De spinaazje wurdt winterdeis út Spanje ymportearre. It waar wie dêr yn desimber lykwols min, sa is der in soad rein fallen. Dêrnei waard it te kâld foar in goeie risping. Smeding griente en fruit yn Sint-Anne kin op dit stuit de helte minder leverje oan klanten. Ek oare grienten lykas iisberchslaad en auberzjine binne der folle minder.
De ferwachting is dat it tekoart oant wike 8 of 9 duorje sil. Yn de simmer komme de grienten wer út eigen lân.