Bert Jonker pakt tried wer wat op, skutter noch net fûn

Direkteur Bert Jonker fan yngenieursburo Clafis is hiel foarsichtich wer wat oan it wurk. Dat seit Bram van Hees fan de fêstiging fan Clafis op It Hearrenfean. Jonker waard ferline wike sneon besketten by iisstadion Thialf op It Hearrenfean. Hy rekke ferwûne oan 'e hân. Nei behanneling waard er mei syn húshâlding op in feilich adres ûnderbrocht.
De plysje wit wa't de man is dy't op Jonker sketten hat, mar hat him noch net opspoare kinnen. Salang kin Jonker him net frij bewege en oanwêzich wêze op ien fan de sân kantoaren fan Clafis.
Advys
Telefoanysk is der kontakt en kin Jonker advys jaan oer saken dy't it bedriuw oangean, sa seit Van Hees. "Bert is in de lucht. Aan het werk is een groot woord, maar we kunnen een beroep op hem doen, waar nodig."
Hektysk
Nei de sjitpartij fan sneon bruts in hektyske perioade oan, net allinnich foar Jonker, mar ek foar syn bedriuw Clafis en de meiwurkers. Der kamen in protte telefoantsjes en berjochten fan opdrachtjouwers en oare relaasjes. Ek wie der in protte mediabelangstelling. "In eerste instantie was de berichtgeving nogal ongenuanceerd en kort door de bocht", sa fynt Van Hees. "Maar inmiddels is de rust wedergekeerd." Hy seit dat Clafis gjin inkele klant ferlern hat of in nije klant misrûn hat troch it ynsidint.
Miskien letter yn Opsporing Verzocht
De plysje oerwaget it televyzjeprogramma Opsporing Verzocht yn te skeakeljen, om it publyk te freegjen om help by it opspoaren fan de fertochte, mar in beslút is dêr noch net oer naam. De saak Jonker wurdt yn elts gefal net yn it programma fan tiisdeitejûn behannele, sa seit wurdfierder Sylvia Sanders.